Skarsterlân goed foar fûgels

© Omrop Fryslân
Nijbouprojekt Wyldehoarne op De Jouwer is nominearre foar de stedsfûgelpriis 2009. De priis wurdt alle jierren útrikt troch de Fûgelbeskerming as beleanning foar nijbouprojekten dy't rekken hâlde mei fûgels. Op De Jouwer dogge se dat neffens de Fûgelbeskerming op grutte skaal. Sa stiet der in peal mei nêsten foar hûssweltsjes en is der in briedpeal foar earrebarren.
Yn de finale nimt De Jouwer it op tsjin Lelystêd, Den Haach en Leiden.