Dantumadiel wint priis

08 okt 2009 - 18:48

Dantumadiel is de meast fernijende lytse gemeente fan Nederlân. De gemeente krige de priis tongersdei op de Grote Dag van de Kleine Gemeenten. Dantumadiel krige de priis foar it projekt 'Meertalig Veenwouden'.

Bern fan 0 oant 12 jier krigen les yn trije talen: Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Dêrtroch binne de bern oan 'e ein fan harren tiid op de basisskoalle liniger mei taal. It projekt hat ek de oandacht lutsen út oare lannen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)