Achterwurkfilmer net ferfolge

© Omrop Fryslân
De kontfilmer út Winsum (Gr) wurdt net ferfolge. De man (24) filme op strjitte en by trein- en busstasjons sûnder te freegjen it achterste fan froulju. Hy filme yn Grins en Assen, mar ek by it stasjon yn Ljouwert. De filmkes sette er op ynternet.
Justysje seit dat der gjin sprake is fan oanranding. De trije froulju dy't oanjefte tsjin de man diene, hawwe begryp foar it beslút. Se fine dat er troch alle media-oandacht genôch straft is. Hy is ek syn baan kwytrekke.