Skjinner oerflaktewetter

08 okt 2009 - 15:37

It oerflaktewetter yn Noardwest-Fryslân is in stik skjinner. Wetterskip Fryslân hat de wettersuveringsynstallaasje by Frjentsjer oanpast. Dy wie ferâldere en wettere dêrtroch tefolle skealike fosfaten en baktearjes ôf op it iepen wetter.

Om dat te ferbetterjen waard der tsien miljoen euro ynvestearre yn in grut sânfilter. Dat filter soarget derfoar dat de suveringsynstallaasje no de skjinste is fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)