Frou ferwûne by oanriding

08 okt 2009 - 11:08

In 45-jierrige frou fan Hurdergaryp is woansdei ferwûne rekke by in oanriding yn Drachten.

Op de Noarderhegewei klapte in automobilist achter op har auto. De frou rûn dêrtroch nekletsel op. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)