Winkeldieven Wolvegea pakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat trije minsken oanholden foar winkeldieverij. It giet om in famke fan 13 en in frou fan 32 jier út Wolvegea en in Rotterdammer fan 28. In meiwurker fan in winkel yn Wolvegea hie de trije betrape doe't se in pear skuon stelle woene. De fertochten naaiden hurd út. De plysje seach se eefkes letter rinnen.
Yn in preparearde tas fûn de plysje in tal brillen en yn it hûs fan de frou ek noch klean dy't nei alle gedachten stellen wiene.