Deade walsfisk by It Amelân

08 okt 2009 - 10:53

Ofrûne nacht is in deade walfisk oantroffen by It Amelân. It giet om in saneamde Baleinwalfisk fan sa'n sân meter. It bist waard it earst sjoen by De Kalkman, mar wie doe al dea.

De walfisk is tongersdei tusken Skylge en It Amelân op sleeptou naam troch in bergingsbedriuw en leit no foar de kust fan Hollum op It Amelân. Fierder ûndersyk wurdt dien troch meiwurkers fan natuermuseum Naturalis út Leiden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)