Aksje foar Iraanske learlingen

08 okt 2009 - 10:48

Woansdei sieten goed 40 learlingen en dosinten fan it Singelland Kolleezje yn Drachten yn de riedsseal yn Smellingerlân. Boargemaster Middel krige fan har in petysje en goed 1600 hantekens oanbean om de útsetting fan twa learlingen foar te kommen.

It giet om twa suskes fan 15 en 18 jier út Iran. Har asyloanfraach is ôfwiisd en nei twa wike ûnderdûken hawwe se har ferline wike by de plysje meld. Se binne no oerbrocht nei it útsetsintrum yn Ter Apel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)