Amelân op ien nei grienst

© Omrop Fryslân
It Amelân is de op ien nei grienste gemeente fan Nederlân. Dat docht bliken út de nasjonale grienkompetysje Entente Florale. It plak Helenaveen yn de gemeente Deurne waard beleanne mei de haadpriis en mei no meidwaan oan in Europeeske kompetysje.
Yn totaal wiene der yn de kategory 'doarpen en lytse stêden mei minder as 15.000 ynwenners' fiif nominearren.