Heak kin oanlein wurde

© Omrop Fryslân
De Heak om Ljouwert kin oanlein wurde. Alle partijen binne it iens wurden oer de oanpassings op de Werpsterhoeke. Yn de foarige plannen wie de ferkearsfeiligens net optimaal, mar dat is no klear.
Deputearre Adema hat wol soargen oer de fierdere ôfwikkeling troch de minister. Om't de Heak om Ljouwert net earder as pland útfierd wurde sil, kin de minister langer wachtsje mei it setten fan de hânteken. Dat soe net moatte.