Grutte opdracht foar Intervak

It bedriuw hat in grutte opdracht
Skipsbouwer Intervak út Harns bout mei oan in nij metrostasjon yn Napels. It bedriuw makket in grutte stielen konstruksje dy't om de yngong fan de Italiaanske stêd boud wurdt. It is in grutte opdracht fan goed 25.000 manoeren.
Earder dizze wike waard ek al in bouwurk ûntbleate op de Royal Academy yn London. De keunst en de arsjitektuer is foar de skipsbouwer in nije tak fan sport, mar neffens direkteur Nijkamp kinne se it wol brûke.