Minne tiid foar Fryske eksport

© Omrop Fryslân
It giet net goed mei de Fryske eksport. De útfier bliuwt achter by de ferwachting. Dat seit foarsitter Paul Visschedijk fan Fryske eksportklup. Benammen by de bedriuwen dy't leverje oan de auto-yndustry en de bou giet it noch hieltyd striemin.
De fiedingssektor lûkt allinnich bot oan op it stuit. Visschedijk is wol posityf oer de takomst. Neffens him is de stimming ûnder de ûndernimmers ek goed.