Wer foks deasketten op Flylân

07 okt 2009 - 10:40

Op Flylân is wer in foks deasketten troch jagers. Der binne no trije dea. Undersyk nei de twa earder deasketten foksen hat oantoand dat dy gjin syktes ûnder de lea hiene, lykas de fokselintwjirm, dêr't minsken benaud foar wiene.

Op it eilân rinne sûnt heal july in tal foksen om. Nei alle gedachten binne se yllegaal útset. Se moatt dea om't se net op it eilân hearre en in protte bisten opfrette. Hoefolle foksen der binne, is ûndúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)