Guozzebelied doocht lang net

Jagers yn aksje
De wize wêrop't Nederlân mei oerwinterjende guozzen omgiet, doocht net, seit de Fûgelbeskerming (FB) yn Zeist. It guozzebelied is troch ûndersikers fan Alterra tsjin it ljocht hâlden.
De FB is skrokken fan it grutte tal guozzen dat sketten is. Mar der is mear misgien. De gedoochgebieten lizze sa ferspraat dat it ûndúdlik waard wêr't de guozzen bejage wurde koene. De FB wol werom nei de âlde regeling.