Diskusje oer ynset Burgernet

06 okt 2009 - 17:30

Yn Ljouwert is diskusje ûntstien oer it ynsetten fan it plysje-opspoaringsmiddel Burgernet. Mei Burgernet ropt de plysje by misdriuwen de help yn fan boargers mei de mobile tillefoan. Moandei waard Burgernet net ynset nei de oerfal fan in Ljouwerter (57) yn syn eigen hûs yn Aldlân.

De buorman fan it slachtoffer, riedslid Wyb Feddema (VVD), fynt it in miste kâns dat Burgernet net ynset is. Hy sil no boargemaster Crone yn de ried fragen stelle oer de kwestje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)