'Taryf Wetterskip omheech'

06 okt 2009 - 17:21

It oernimmen fan it behear fan kanalen en slûzen fan gemeenten sil de tariven fan Wetterskip Fryslân opdriuwe. It Wetterskip naam tiisdei it behear fan it wetter fan Dongeradiel oer. Gefolch is dat dy gemeente yn de takomst minder jild kwyt is oan ûnderhâld en de belesting dêr omleech dwaan kin.

De kosten fan it Wetterskip geane lykwols omheech. De tariven sille dêr op oanpast wurde. Noch net alle gemeenten binne safier om it behear oer te dragen oan it Wetterskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)