Soad folk mei bus op eilân

© Omrop Fryslân
Der geane hieltiid mear minsken mei de bus op de Waadeilannen. Dat stiet yn de sifers fan 'e provinsje oer it iepenbier ferfier yn it twadde fearnsjier fan 2009. Ek op oare plakken yn Fryslân waarden de bussen foller yn fergeliking mei 2008. Dêr stiet foaroer dat der wat minder minsken mei de trein gongen.
Neffens de provinsje rieden de treinen wol better op tiid. Fral tusken Ljouwert en Harns is de punktualiteit ferbettere.