Fryske Marrekalinder op komst

Der komt in kalinder mei foto's fan de moaiste Fryske marren. Ynwenners fan Fryslân en wettersporters út it hiele lân wurdt frege om harren favorite marfoto yn te stjoeren. De provinsje hat dêrfoar in foarseleksje fan tweintich marren makke.
De kalinder wurdt makke omdat yn novimber de marren nei mear as 200 jier wer yn it besit fan de Provinsje komme. Op 12 novimber wurde Fryske marren troch it Ryk oan de Provinsje oerdroegen.