Van Gessel skrikt fan klachten

06 okt 2009 - 15:23

Direkteur Paul van Gessel fan Fryslân Marketing is skrokken fan 'e klachten oer konkurrinsjeferfalsking dy't sy op harren gewisse hawwe soenen. Albert Hendriks fan it kommersjele buro foar toerisme Friesland Holland beskuldiget Fryslân Marketing derfan him út te sluten fan promoasjeaktiviteiten.

Neffens Van Gessel is dat basearre op in rige fan misferstannen. Gearwurkje tusken de beide buro's is hiel wolkom en bart ek al, sa seit Van Gessel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)