Hermans sil Polderhoofdkanaal ûndersykje

It Polderhoofdkanaal soe fan grut ekologysk belang wêze
Ald-kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans is troch de gemeente Opsterlân beneamd as foarsitter fan de kommisje dy't ûndersyk dwaan sil nei it Polderhoofdkanaal tusken Nij Beets en De Feanhoop. Der wurdt al jierren besocht om dit kanaal befarber te meitsjen. Dat is oant no ta net slagge fanwege allerhande protesten en juridyske aksjes. Sa sitte der bysûndere krobben yn it kanaal.
Hermans wennet op 'e Sweach en hy mei besjen oft it projekt te rêden is.