Hendriks driget mei rjochter

06 okt 2009 - 13:12

It kommersjele buro foar toerisme Friesland Holland yn Wolvegea oerwaget nei de rjochter te stappen of sels de NMa yn te skeakeljen tsjin de yn har eagen ûnearlike konkurrinsje fan Fryslân Marketing. De provinsje stekt jild yn Fryslân Marketing om derfoar te soargjen dat dy organisaasje Fryslân oan toeristen ferkeapet.

Friesland Holland fynt dat sy ek stipe krije moatte of de mooglikheid krije moatte om mei te liftsjen yn de promoasje fan Fryslân Marketing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)