Masinisten lulk op Arriva

06 okt 2009 - 12:05

Fryske masinisten hawwe grutte problemen mei harren baas Arriva. De masinisten hawwe problemen mei de airco en de stuollen yn 'e kabine. De lieding fan Arriva slacht neffens de masinisten net genôch acht op de problemen.

Fakbûn WMC foar ridend personiel hat de saak oankaart by Arriva. Bart der neat, dan komme der mooglik aksjes. Dat wurde ynearsten publyksfreonlike aksjes. Der sil foarearst net staakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)