Tûzenen lantearnpeallen fuort

Neffens de provinsje kin it wol mei minder lantearnpeallen ta
Yn Fryslân, Grinslân en Drinte ferdwine de kommende jierren mooglik inkelde tûzenen strjitlampepeallen. Neffens de provinsjes soene yn it Noarden sawat 100.000 fan 'e 450.000 peallen oerstallich wêze. De provinsjes wolle sa enerzjy besparje. Boppedat moat it bûtengebiet nachts wer tsjusterder wurde.
Der wurdt begûn mei in ûndersyk nei it nut fan de 100.000 mooglik oerstallige lantearnepeallen. Guon lampen wurde ferfongen troch ledlampen.