Sleattemer ferwûne by ûngelok

© Omrop Fryslân
In jonge (16) út Sleat is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op de Strjitwei by Tsjerkgaast. De jonge ried mei in brommobyl oer de paralleldyk by de provinsjale dyk lâns en rekke de macht oer it stjoer kwyt. It mobyl skeat oer de dyk hinne en kaam oan de oare kant yn de sleat telâne.
De bestjoerder en syn byrider (15) út Tsjerkgaast koene sels út de auto komme. De dûkploech fan de brânwacht hoegde net yn aksje te kommen.