Fryske Gea:gjin grutte skippen

06 okt 2009 - 11:48

De provinsje kin it Fryske Gea net oertsjûgje fan de needsaak om gruttere frachtskippen ta te stean troch de Alde Feanen. Dêr rint de farwei fan it Prinses Margrietkanaal nei Drachten.

Earder hat der in proef west om te sjen oft der ek gruttere skippen farre kinne. Letter binne de proeven stopset nei ferset fan in breed ferskaat oan organisaasjes om Nasjonaal Park de Alde Feanen hinne. Direkteur Hosper fan it Gea wol dat de provinsje ynset op in alternative farrûte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)