Plysje nimt fûken yn beslach
De plysje hat moandei op Skylge njoggen yllegale fûken yn beslach naam. De fisk yn de fûken is wer frijlitten. It foel de plysje op dat der in soad deade fisk yn 'e fûken siet.
De plysje kontrolearre om't der sûnt 1 oktober gjin fûken mear yn it wetter stean meie.