Brân yn supermerk Grou

Der hat yn de nacht fan moandei op tiisdei brân west yn de âlde supermerk oan de Oostergoostrjitte yn Grou. De brânwachten fan Grou, Ljouwert en Akkrum hiene it fjoer gau ûnder kontrôle. Dêr wie in soad reek, dy't op de A32 noch te sjen wie.
De plysje hat it gebiet ôfsetten. Der wurdt noch ûndersocht wat de oarsaak fan de brân is.