Lisplak EVT terjochte wegere

05 okt 2009 - 18:31

De Raad van State fynt dat de gemeente Skylge terjochte de EVT in eigen lisplak wegere hat yn de haven fan it eilân. De EVT, Eigen Veerdienst Terschelling, wol it plak brûke foar de feartsjinst nei Harns. Earder bepaalde de Ljouwerter rjochtbank dat de EVT wol in eigen lisplak ha moast. De gemeente gie dêr by de Raad van State tsjin yn berop.

De útspraak fan de Raad van State is noch net definityf. Begjin 2010 wurdt de saak fierder behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)