Ynspraak oer Keningsdjip

05 okt 2009 - 17:29

It Wetterskip wol fan lâneigners en bewenners fan it streamgebiet fan it Keningsdjip witte wat der ferbettere wurde moat oan it wetterbehear. It Keningsdjip rint fan Nij Beets oant Bakkefean. Tiisdei is de earste fan trije ynsprekmiddeis.

Op 'e ynsprekmiddeis kinne boeren, natuerbehearders en ynwenners oanjaan, wêr't se it te wiet of te droech fine of oare saken. Doel is om it Keningsdjip syn oarspronklike foarm werom te jaan mei goed fiskwetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)