Boete foar deadzjen slangen

De deade slangen yn 'e kontener
De man út Beetstersweach dy't ferline jier tsientallen ringslangen deamakke hat, hat fan 'e rjochter in boete ûnder betingst fan 2000 euro krige. Oan it wurk yn 'e tún trof er 87 eksimplaren fan de beskerme bistesoart oan. Yn panyk sloech de man de slangen dea of smiet se yn it Alddjip.
De Wurkgroep Amfibyen en Reptilen hat oanjefte dien. De rjochter naam yn syn útspraak mei dat de Sweachster hiel wat oer him hinne krige hat. Minsken neamden him in moardner.