'Wetsus moat ferbiner wurde'

05 okt 2009 - 11:52

Wetsus moat it belangryskte ynstitút wurde by de oplossing fan problemen mei drinkwetter yn 'e wrâld. Dat sei steatssekretaris Timmermans fan Europeeske Saken moandei op it jubileumkongres fan Wetsus yn De Harmonie yn Ljouwert. Wetterynstitút Wetsus bestiet fiif jier.

It ynstitút moat de ferbiner wurde tusken ûndersikers, bedriuwslibben en polityk. Dêrtroch kinne oplossings fûn wurde foar drinkwetterproblemen yn bygelyks Afrika, sa sei Timmermans.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)