Ynbraak yn Wolvegea

05 okt 2009 - 10:08

Twa ynbrekkers binne sneintemoarn betiid op 'e die trapearre yn in hoarekasaak yn Wolvegea. De 48-jierrige eigner fan 'e saak waard om fiif oere hinne wekker fan it leven. Doe't er nei ûnderen ta gie, seach er twa manlju de saak útdraven. De man gong achter de ynbrekkers oan, mar krige se net te pakken.

Fan de hoarekasaak wie in doar stikken makke. Ut 'e kassa is in pear hûndert euro stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)