Auto riidt fuotgongster oan
In frou fan 77 jier út Snits is sneintemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn har eigen wenplak. It slachtoffer rûn oer de Lorentzstrjitte doe't se yn in bocht oanriden waard troch in 33-jierrige automobilist fan 'e Gordyk. Dy sei dat er de frou te let sjoen hie.
De frou is troch famylje nei it sikehûs brocht.