Nij idee foar misdiebestriding

05 okt 2009 - 10:01

Boargemaster Crone fan Ljouwert wol dat Fryske gemeenten meidogge oan in ekspertizesintrum tsjin organisearre misdie. Crone is ek korpsbehearder fan 'e Fryske plysje. Yn it nije sintrum wurkje iepenbier ministearje, belestingstjinst, FIOD en de plysje gear. Gemeenten kinne helpe by de bestriding fan drugshannel en fraude.

Crone wol mei alle Fryske gemeenten begjin novimber in oerienkomst tekenje. Wêr't it nije sintrum komme moat, is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)