CDA wol monumintestifting

05 okt 2009 - 07:03

It CDA yn Boarnsterhim wol dat der sa gau mooglik in monumintestifting komt. Op dy manier wol de fraksje mear subsydzjejild krije foar de ryksmonuminten yn 'e gemeente. De oanfragen foar dy subsydzjes moatte foar 1 april 2010 dien wêze.

De fraksje freget al sûnt 2007 omtinken foar in monumintestifting en wol net dat der opnij in jier ferlern giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)