Snits Wyt Swart spilet lyk
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat mei 0-0 lyk spile tsjin Rohda Raalte. De Snitsers hiene de earste tweintich minuten it bêste fan it spul. Sy krigen ek in protte kânsen. Age Hains Boersma miste noch in strafschop.
Rohda Raalte krige ek noch wol kânsen. Snits Wyt Swart stiet op in sechde plak mei sân punten út fjouwer wedstriden.