De Jouwer ferliest mei 9-1

04 okt 2009 - 17:43

Sneinshaadklasser De Jouwer hat op it eigen fjild mei 9-1 ferlern fan Nieuw Buinen. Nei it lykspul foarige wike tsjin Babberich moast der wûn wurde fan Nieuw Buinen. Nei in 1-0 efterstân waard Sjouke Terpstra fan De Jouwer fan it fjild stjoerd.

By it skoft wie it al 3-0 foar Nieuw Buinen. Yn de twadde helte makke René de Nekker it iennige doelpunt foar De Jouwer. De ploech fan trainer Gerrie Schouwenaar hat no ien punt út fjouwer wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)