Don Diablo op Inside Festival

04 okt 2009 - 16:04

De acts Waylon, Don Diablo en Blaas of Glory binne tafoege oan de line-up fan it Inside Festival op 28 novimber yn it WTC Expo yn Ljouwert. Meikoarten wurde der noch mear teater-acts tafoege.

DJ Don Diablo skoart geregeld in dancehit yn de top 40. Op Inside is er yn it selskip fan de Candy Club. Waylon is in Nederlânske soulartyst mei in platekontrakt by Motown. Blaas of Glory soarget foar in knypeach yn de hardrock.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)