Wer ynbraak winkel Frjentsjer

04 okt 2009 - 15:28

Foar de twadde nacht op rige is sneontenacht ynbrutsen yn in winkel oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer. Tsjûgen melden om 00.45 oere dat in man in rút ynslein hie en de winkel yngong wie. Underweis nei de winkel waarde by de plysje trochjûn dat de man wer fuortfytst wie.

Mei help fan it sinjalemint hat de plysje yn Frjentsjer in ûndersyk ynsteld. Op it Ankerplak waard in fyts fûn dy't mooglik fan de dieder is. De dieder sels waard net oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)