Alkoholkontrôles yn Fryslân
De plysje hat sneontejûn en -nacht yn Ljouwert op ferskate lokaasjes in alkoholkontrôle holden. Yn totaal waarden 700 bestjoerders kontrolearre. Dêrfan hiene seis te folle dronken. Dizze bestjoerders binne nei it plysjeburo brocht foar in azemanalyze, wêrby't 655 ug/l de heechst mjitten wearde wie.
Ek by Boazum waard in alkoholkontrôle holden. Yn totaal 563 bestjoerders waarden kontrolearre. Dêrfan hiene trije te folle drank op.