Skiep ferdronken by Ferwert

04 okt 2009 - 13:40

Yn in greide by de Simmerdyk by Ferwert binne snein 23 deade skiep oantroffen. Se binne net op 'e tiid fan it lân ôfhelle troch de eigner en ferdronken troch it hege wetter.

De measte boeren hawwe sneontejûn en sneintemoarn drok dwaande west mei it binnenheljen fan fee fan 'e kwelders by Marrum. It bûtendyks lân fan it Noarderleech is mei troch de hurde wyn ûnder wetter strûpt. It is foar it earst dat it fee sa betiid ynhelle wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)