Doelen Lionskalinder bekend

De earste eksimplaren fan de kalinder wurde útrikt (foto: Lenus van der Broek)
De Lionsklup Wolvegea en omkriten hat sneon bekend makke wêr't de opbringst fan de Lionskalinder 2010 hinne giet.
Dat binne de folgjende goede doelen: in berneopfanghûs yn Brzotin, Slowakije, de stifting Joadske wurkkampen, de feriening Onderling Sterk yn Wolvegea en lokale sportferienings. De útjefte fan de jierlikse kalinder fan de ynternasjonale serviceklup wurdt mei mooglik makke troch bedriuwen en ynstellings yn Weststellingwerf.