Aris ûnderút yn slotsekonde

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe sneon harren earste kompetysjewedstriid mei 76-78 ferlern fan Leiden. Mei noch twa sekonden te gean stie Aris noch mei 76-75 foar, mar miste Darryl Monroe in frije worp.
Fia de basket krige Monta McGhee fan Leiden de bal en fan eigen helte skeat hy in trije punter binnen. Op dat stuit klonk ek it einsinjaal. Aris hie it ferlies oan himsels te tankjen, want se joegen yn de wedstriid in grutte foarsprong út hannen.