Kat en hûn troch de scanner

03 okt 2009 - 16:18

It Bistesikehûs yn Drachten is de earste partikuliere bisteklinyk yn Nederlân mei in CT- en in MRI-scanner. Húsdieren wurde ûnder narkoaze troch de scanner helle. Sa is krekt te sjen wat der mis is. Dêrtroch kin krekter en better behannele en operearre wurde.

De MRI-scanner is net gebrûklik by bistedokters. It apparaat kostet 250.000 euro. In behanneling is net goedkeap, sawat 750 euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)