Nijenhuis wint 1500 meter

03 okt 2009 - 16:10

By KNSB-wedstriden reedriden fan sneon op Thialf op It Hearrenfean hat Beorn Nijenhuis de 1500 meter wûn. Hy wie de rapste yn in tiid fan 1.49,47.

Op de 1000 meter waard de Fries Sjoerd de Vries fan Top en Twel twadde yn 1.10,61. Simon Kuipers wûn de 1000 meter yn 1.10,03. Wrâldkampioen allround Sven Kramer die net mei oan de wedstriden yn 'e Thialfhal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)