Atsma tsjin oankeap natuergrûn

03 okt 2009 - 12:41

Gemeenten en it Ryk moatte gjin jild mear stekke yn it oankeapjen fan grûn foar de Ekologyske Haadstruktuer. Dat sei CDA-Twadde-Keamerlid Joop Atsma. Al jierren wurdt lânbougrûn opkocht om as natuergrûn te brûken. Dat bart om natuergebieten troch hiel it lân mei-elkoar te ferbinen.

Atsma fynt dat yn tiden fan ekonomyske krisis der wol oare dingen binne om jild oan te besteegjen. Steatsboskbehear fynt it in min idee op te hâlden mei grûnoankeap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)