Stel gizele om weedkwekerij

03 okt 2009 - 11:56

In 39-jierrige man út Dokkum en in 20-jierrige frou út Damwâld hawwe yn de nacht fan 11 op 12 septimber gizele west. Se binne troch in noch ûnbekende groep manlju bedrige en mishannele. Der is mooglik in ferbân mei in leeghelle weedkwekerij dy't plysjeminsken deselde nacht oantroffen yn in wenning yn de Gossesstrjitte yn Damwâld.

Koart nei't de plysje de kwekerij ûntdutsen hie, melden de man en frou harren mei it ferhaal fan 'e gizeling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)