Cambuur muoisum lâns Eindhoven

02 okt 2009 - 22:49

SC_Cambuur hat freedtejûn mei 3-1 wûn fan FC Eindhoven. It wie in drege jûn foar de Ljouwerters, dy't in protte spilers misten troch blessueres. Dêrtroch makke ferdigener Jos van Nieuwstadt syn debút yn de basis.

Yn de earste helte skeat Nassir Maachi Cambuur op foarsprong. Remy Amieux soarge foar de 1-1, mar in minút letter makke Ter Heide alwer 2-1. It bleau dêrnei lang spannend, mar yn de lêste minút besliste ynfaller Sandor van der Heide de wedstriid: 3-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)