Oranjewoud nimt Antea SA oer

Yngenieursburo Oranjewoud nimt it Frânske Antea SA oer. Begjin augustus waard al bekend dat Oranjewâld belangstelling hie foar Antea SA.
Krekt as Oranjewoud is ek de Frânske brânzjegenoat aktyf yn myljeu, wetter en boaiemsanearring. It bedriuw hat 400 wurknimmers en is yn Frankryk merklieder. Mei de oername wol Oranjewoud syn posysje op de Europeeske en wrâldmerk sterker meitsje.