Biste-asyl Snits iepene

Biste-asyl Nomadenhof yn Snits hat freed in nije opfang iepene. De bou hat hast ien miljoen euro koste en hat lang duorre. Der hawwe problemen west mei ûnder oare it stúkwurk.
Yn de nije hokken wurde bisten opfongen, dy't fûn binne yn njoggen gemeenten yn it súdwesten fan Fryslân. Op dit stuit sitte der 53 kittens, 18 katten en fjouwer hûnen yn de hokken.